Fragen oer de rol fan de provinsje yn de arbeidsmigrantediskusje

29 jan 2019 - 17:09

De FNP yn Provinsjale Steaten wol dúdlikheid fan it kolleezje hawwe oer de rol fan de provinsje yn de diskusje oer arbeidsmigranten.

Kassen - Foto: Shutterstock.com

De diskusje spilet har no foar it grutste part ôf yn de gemeente Waadhoeke. Dêr is koartlyn in wurkgroep opset om ferskate húsfestingssenario's te ûndersykjen.

Twa fan de opsjes soene mooglik ûnder provinsjaal belied falle kinne. Dat binne de opsjes om arbeidsmigranten in plakje te jaan op yndustrygebieten, of op it hiem fan de wurkjouwers sels.

De FNP wol no witte yn hoefier't de provinsje mei de wurkgroep meitinkt, en hoe't der ynspile wurdt op in eventuele útfiering fan de senario's.

(advertinsje)