Spotter: "F-16 fan ynsidint boppe Flylân hie problemen mei boardkanon"

29 jan 2019 - 16:59

De F-16 dy't skansearre rekke by in sjitoefening boppe Flylân, soe problemen hân ha mei it boardkanon. Dat soe dúdlik wurde út de kommunikaasje tusken it tastel en de lieding fan de sjitoefeningen op Flylân. In radiospotter dy't de kommunikaasje heard hat, seit dat it boardkanon fan de F-16 fêstrûn is.

Foto: Srfotografie

Wurdfierders fan de fleanbasis, fan it ministearje fan Definsje en fan de ynspeksjetsjinst dy't it ynsidint ûndersiket, wolle it ferhaal fan de spotter net befêstigje. Se hâlde de kiezzen stiif op inoar salang't it ûndersyk fan de IVD rint. It kin moannen duorje foardat der in útkomst is.

Fleantúchfanaat

De spotter dy't de kommunikaasje heard hat, is Sipke Broekstra fan Oerterp. Hy is fleantúchfanaat en yn syn frije tiid heart er gauris nei de kommunikaasje tusken de fleantugen. Moandeitemiddei om 14.20 oere hinne hearde hy de kommunikaasje fan it bewuste tastel. Pas neidat yn de media kaam dat de IVD in ûndersyk begjint nei in ynsidint boppe Flylân, dat op deselde dei west hat, krige Broekstra yn de gaten wat er heard hie.

Twa F-16's wiene dwaande mei sjitoefeningen op de Vliehors, doe't by ien fan beide tastellen it boardkanon fêstrûn, seit er. De piloat hat dat meld oan de kontrôletoer fan Flylân, en yn de cockpit besocht om it probleem te ferhelpen, wylst er rûntsjes fleach boppe it oefengebiet. Dat slagge net.

It boardwapen fan de F-16 is it M61A1 Vulcan-snelfjoerkanon mei 514 patroanen. Dit 20mm-kanon berikt mei 6 rotearjende lopen in fjoersnelheid fan 6.000 skotten de minút (100 de sekonde).

Boarne: www.defensie.nl

"Fully loaded gun"

Neffens de spotter wie it ynsidint net slim genôch foar om in 'emergency' út te roppen. De piloat soe de brânstof opbaarnd ha foardat er weromgong nei de basis yn Ljouwert, mei wat er neamde in "fully loaded gun".

Broekstra hat kontakt socht mei oare spotters, en der is net ien dy't op de bewuste moandei in oar ynsidint fernaam hat. Dus dat moat dit it wol wêze, seit er.

Spotter Sipke Broekstra út Oerterp

(advertinsje)