Man út Fryslân komt om it libben by ûngelok op de N201 by Vinkeveen

29 jan 2019 - 16:21

By in iensidich ûngelok op de N201 by Vinkeveen yn de provinsje Utrecht is in man út Fryslân om it libben kaam. It giet om in 68-jierrige man út de gemeente De Fryske Marren.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Der wie in traumahelikopter oproppen. Hoe't it ûngelok barre koe, is net bekend. De plysje docht ûndersyk nei de oanlieding derfan.

(advertinsje)
(advertinsje)