Suksesfolle hûdtransplantaasje tapast by Sjinkie Knegt

29 jan 2019 - 16:04

Sjinkie Knegt hat tiisdeitemoarn in suksesfolle operaasje hân. Op syn beide skonken is hûdtransplantaasje tapast. Dêrby is hûd fan syn boppeskonken brûkt.

Foto: Orange Pictures

De 29-jierrige shorttracker út Bantegea leit noch yn it Martinisikehûs yn Grins, nei't er begjin jannewaris swiere brânwûnen oprûn nei in ûngelok mei in houtkachel.

Sa gau't it kin, begjin ik te wurkjen oan myn comeback op it iis.

Sjinkie Knegt nei de hûdtransplantaasje

Sa't it no liket, bliuwt it by dizze iene hûdtransplantaasje. "Ik bin bliid dat de operaasje goed ferrûn is", seit Knegt. "Ik sjoch út nei in fluch herstel. Se fersoargje my hjir goed. Ik ha der alle fertrouwen yn dat ik myn âlde libben wer oppikke kin. Sa gau't it kin, begjin ik te wurkjen oan myn comeback op it iis."

Dat it hiele lân mei Knegt meilibbet, docht him goed. Hy krijt in protte betterskipskaarten. "Dêr bin ik tige wiis mei. It jout my ekstra motivaasje om hjir wer boppe-op te kommen."

Noch pear wiken yn sikehûs

Knegt moat noch in pear wiken yn it sikehûs bliuwe. Hoe lang oft it herstel noch duorret, is noch net dúdlik. Knegt is sels posityf.

(Advertinsje)
(Advertinsje)