"Undersyk nei ynsidint mei F-16 boppe Flylân kin moannen duorje"

29 jan 2019 - 15:46

It ûndersyk nei in ynsidint mei in F-16 boppe Flylân kin noch wol moannen duorje. It soe ek in jier wêze kinne. Dat meldt in wurdfierder fan de IVD. Dat is de ynspeksjetsjinst fan Definsje dy't it ûndersyk útfiert. Neffens dy tsjinst wie der in slim ynsidint by sjitoefeningen boppe Flylân. Watfoar ynsidint it west hat, watfoar skea oft der ûntstien is en oft der ek ien by ferwûne rekke is, wol Definsje net sizze.

De Vliehors - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

De IVD moat noch in ûndersyksfraach formulearje. Dat allinne kin al wiken duorje. Oant dy tiid hat in wurdfierder fan de tsjinst "verder niets te melden". Pas as de ûndersyksfraach nei bûten brocht wurdt, wol de IVD mear bekend meitsje oer de aard fan it ynsidint.

Kategory fjouwer

It ynsidint barde foarige wike moandei, op it oefenterrein De Vliehors. Dat docht bliken út in meidieling fan de IVD. Wurdfierders fan de fleanbasis yn Ljouwert en fan it ministearje fan Definsje wolle der neat oer kwyt salang't it ûndersyk fan de IVD rint.

De ynspeksjetsjint hat it ynsidint kwalifisearre yn kategory fjouwer. Dat is de slimste kategory. Neffens de IVD hat dat te krijen mei de skatting fan de omfang fan de skea. Dat kin finansjele skea wêze, mar ek persoanlik letsel. It is net dúdlik oft der by dit ynsidint ek sprake is fan persoanlik letsel.

(Advertinsje)
(Advertinsje)