Bou nije húsdokterspraktyk Minnertsgea set yn febrewaris útein
Yn Minnertsgea wurdt begjin febrewaris begûn mei de bou fan in nije húsdokterspraktyk. Dy praktyk wurdt diels yntegrearre yn it doarpssintrum De Doarpsfinne. De oanbou wurdt ein maaie oplevere.
De kosten binne ûngefear 460.000 euro. It jild is byinoar helle troch skinkingen en subsydzjes fan bygelyks it Waadfûns, it Iepen Mienskipfûns en de provinsje. Dêrneist hawwe pleatslike fûnsen, pleatslik belang en allerhande partikulieren in bydrage levere. Der is noch in lyts tekoart, dêrfoar rinne noch oanfragen by ferskate fûnsen.