Spannende tiden foar bern yn Fryske asylsikerssintra

29 jan 2019 - 15:21

It binne tiisdei en woansdei spannende dagen foar asylsikersbern dy't útsetten driigje te wurden. De koälysjepartijen CDA, VVD, D66 en ChristenUnie kinne it net iens wurde oer in útsetstop. It CDA, D66 en ChristenUnie wolle in ferromming fan it bernepardon. Yn de oanrin dêrhinne moat de útsetting fan gesinnen dy't mooglik ûnder dy nije regeling falle, útsteld wurde. Woansdei is dêroer in debat yn de Twadde Keamer.

Asylsikerssintrum - Foto: Omrop Fryslân

Yn Fryslân giet it om tsientallen bern dy't mooglik bliuwe kinne, hoewol't harren oanfraach foar in ferbliuwsfergunning ôfwiisd is. Sy wenje hjir al langer as fiif jier en binne hielendal woartele. De measten fan harren sitte in de asylsikerssintra fan Burgum en Drachten.

Neffens teamleider Lolkje van der Kooij fan it Burgumer asylsikerssintrum is it tiisdei foar gesinnen en de bern hiel spannend. "Mar se diele dat net, se wachtsje ôf. Se binne al sa faak teloarsteld. Pas as der in beslissing naam is, komme se mei konkrete fragen", seit Van der Kooij.

Sânhundert bern

Esther van Dijken, PvdA-lid út it Grinslanner Winsum, makket har al jierren sterk foar it bernepardon. "De politiek gaat over de rug van kinderen. Ze hebben geen idee wat dit met de kinderen doet. Op het asielzoekerscentrum in Burgum gaan kinderen 's avonds niet in hun pyjama maar in hun kleren naar bed, omdat ze bang zijn dat ze zo weg moeten", seit Van Dijken.

"'s Ochtends om vier uur kijken ze uit het raam om te kijken of er ook een busje aan komt." Se fynt dat it kabinet de bern net langer in ûnwissichheid hâlde moat. "Laat ze hier toch blijven, we hebben het hier over niet meer dan zevenhonderd kinderen."

Trefwurden: 
Burgum bernepardon
(Advertinsje)
(Advertinsje)