Man út Minnertsgea omkaam by ûngelok op Ofslútdyk, Gordykster oanhâlden as fertochte

It deadlike slachtoffer fan it ûngelok moandeitejûn op de Ofslútdyk is in 53-jierrige man út Minnertsgea. In 46-jierrige man út De Gordyk is oanhâlden as fertochte fan it feroarsaakjen fan in ûngelok mei deadlike ôfrin. It ûngelok barde om acht oere hinne op de A7 rjochting Fryslân. De dyk hat dêrnei oerenlang ticht west, om middernacht hinne waard dy wer iepene.
© Inter Visual Studio
De auto fan de Gordykster botste troch noch ûnbekende oarsaak achterop de auto fan de man út Minnertsgea. Dizze man rekke ferwûne en waard op it plak fan it ûngelok reanimearre, mar dat mocht net helpe.
De Gordykster moast foar kontrôle nei it sikehûs en is dêrnei oanhâlden. Dat is neffens de plysje standert-proseduere by sa'n slim ûngelok. De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.