Provinsje stelt 5 miljoen beskikber; bou Cambuurstadion kin trochgean

29 jan 2019 - 13:54

De provinsje Fryslân wol ûnder betingsten 5 miljoen euro beskikber stelle foar it WTC-plan yn Ljouwert. Dat hat Deputearre Steaten tiisdeitemiddei besletten. Troch dit beslút kin de bou fan it nije Cambuurstadion definityf trochgean.

It jild is net bedoeld foar de bou fan it stadion, mar foar saken lykas de ynrjochting fan de parkearplakken. Betingst fan de provinsje is dat der troch de Cambuurplannen gjin winkels by komme. De Steaten moatte hjir noch mei ynstimme.

"We binne der hiel strak yn. Der mei gjin fjouwerkante meter ekstra komme yn de beskikbere winkelmeters", seit deputearre Klaas Kielstra. "It moat wol ekonomysk helber wêze en net ta lêst wêze foar de stêd en de befolking. It moat ek foaral net de balâns yn de retail fersteure."

Kielstra tinkt dat dat mei it plan, sa't it der no leit, waarboarge is. Mar it moat neffens him noch útwurke wurde.

Deputearre Klaas Kielstra oan it wurd

Trefwurden: 
SC Cambuur Cambuurstadion
(advertinsje)