Polityk op It Amelân wrakselet mei oerdracht ryksgrûn

29 jan 2019 - 13:19

De polityk op It Amelân wrakselet mei it behear fan in stripe grûn lâns de kust fan it eilân, fan Peal 17 rjochting Hollum. Dat is no noch ryksgrûn, mar de oerheid wol it behear oerdwaan oan Staatsbosbeheer.

It Amelân - Foto: ANP

De fraksjes fan it CDA en Algemeen Belang Ameland meitsje harren soargen oer de eventuele oerdracht. Sy binne bang dat eilanner tradysjes lykas de jacht, hynsteride en toarnbeien plôkje yn gefaar komme, mocht it haadkantoar fan Staatsbosbeheer yn Amersfoort bygelyks beslute om in stek om it gebiet del te setten.

In moasje fan it CDA oer de kwestje helle it moandeitejûn net yn de gemeenteried. De oare riedsfraksjes en wethâlder Ellen Bruins Slot sjogge it probleem net. De ôfspraken oer it gebrûk fan it gebiet binne neffens de wethâlder goed fêstlein en Staatsbosbeheer stiet altyd iepen foar suggestjes, sa is harren ûnderfining.

Trefwurden: 
Staatsbosbeheer It Amelân
(Advertinsje)
(Advertinsje)