Jesse en Lieke binne opnij populêrste bernenammen yn Fryslân

De bernenammen Jesse en Lieke wiene ferline jier yn Fryslân opnij it populêrst. Dat docht bliken út de jierlikse nammelist van de Sociale Verzekeringsbank (SVB). Ek yn 2017 neamden Fryske heiten en memmen harren poppen it faakst Jesse en Lieke.
© Omrop Fryslân, Eduard Rekker
Lanlik sjoen wie Lucas it populêrst foar jonges en Julia foar famkes. Lucas komt ek yn de Fryske top 10 foar, nammentlik op nûmer 8. Julia stiet yn Fryslân op nûmer 10.
By de earste fiif jongesnammen yn Fryslân einigen fierder Hidde, Jurre, Sven en Thijs. By de famkes binne dat Fenna, Tess, Femke en Mirthe.

Anna út Fryske top 10

De namme Anna, dy't yn 2017 noch by de earste fiif stie, hat yn de list fan 2018 net iens de top 10 helle. Yn de lanlike list stiet Anna noch op nûmer 7.

Jongesnammen

Famkesnammen