Moasje tsjin kolleezje oer sporthal De Steense yn Wolvegea "respektleas"

29 jan 2019 - 11:58

De saneamde 'moasje fan treurnis' fan de riedsfraksjes SDW en Blijf Stellingwarfs hat it moandeitejûn net helle. De moasje wie yntsjinne tsjin it kolleezje fan de gemeente Weststellingwerf oer sporthal De Steense yn Wolvegea. Dy moat it al tiden dwaan mei in tydlike behearder. Neffens de fraksjes hat it fierstente lang duorre foar't de gemeente yngrepen hat. Se ferwite it kolleezje in "gebrek aan daadkracht".

Sporthal de Steense yn Wolvegea - Foto: Google Streetview

De oare fraksjes hiene in soad krityk op de moasje. Weststellingwerfs Belang neamde de moasje sels respektleas. Neffens it CDA is der wol deeglik hannele, sjoen de tydlike oplossing yn de foarm fan in ûndernimmer, dy't as cateraar wurket.

Wethâlder Jongebloed sleat hjir by oan troch te sizzen dat de sporters net de dupe wurden binne fan it feit dat der noch gjin fêste cateraar is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)