Ald-spits fan SC Cambuur en SC Hearrenfean giet nei Australië

29 jan 2019 - 11:34

Reza Ghoochannejhad ferruilet it Syprioatyske APOEL Nicosia foar in aventoer yn Australië. De 31-jierrige âld-spits fan sawol SC Cambuur as SC Hearrenfean wurdt oant en mei de ein fan it seizoen hierd troch Sydney FC.

Reza Ghoochannejhad - Foto: www.orange-pictures.nl

Ghoochannejhad waard berne yn Iran, mar ferhuze op jonge leeftiid nei Fryslân. Hy spile yn de jeugd fan SC Cambuur en SC Hearrenfean en makke letter ek syn opwachting yn de haadmacht fan beide Fryske betelle fuotbalklups. Foar de Ljouwerters spile er 41 wedstriden. It shirt mei de pompeblêden hie er, ferdield oer twa perioaden, 77 kear om de skouders.

(Advertinsje)
(Advertinsje)