Oprop yn Ternaard: jou frijwillige sâltstruiers de romte

29 jan 2019 - 11:30

It doarpsbestjoer fan Ternaard docht in oprop oan de ynwenners om de frijwillige sâltstruiers yn it doarp de romte te jaan. It docht bliken dat auto's faak sa parkearre stean, dat de trekker mei sâltstruier der net by lâns kin.

Foto: ANP

"Er wordt de komende dagen weer winter verwacht en dan is het mooi dat alle straten in het dorp worden gestrooid", stiet op de webside fan de doarpskrante fan Ternaard. "Maar vaak lukt dat niet omdat er geparkeerde auto's in de weg staan. En dan kan de tractor met strooier er niet of moeilijk langs. Daarom een verzoek van de strooiers om de straten zoveel mogelijk vrij te houden."

Fia de PKN-gemeente giet in groep frijwilligers mei glêdens op 'en paad om sâlt te struien. Ut de diakony wei is jild beskikber steld om in sâltstruier te keapjen en de gemeente Noardeast-Fryslân leveret it sâlt.

(advertinsje)