Man kriget oardel jier selstraf yn stee fan 140 oeren wurkstraf

In 47-jierrige man út Droegeham is moandei feroardiele ta oardel jier selstraf, wêrfan in healjier ûnder betingst. De man krige de straf oplein omdat er him skuldich makke hat oan oplichting, fertsjustering en skriftferfalsking.
Rjochter © Shutterstock.com
Tsjin de man waard yn desimber noch in wurkstraf fan 140 oeren easke, mar de rjochter fûn dat te min. De rjochter fynt no dat bewiisd is dat de man him skuldich makke hat oan in grut oantal strafbere feiten, lykas fraude mei de omsetbelesting en hypoteekfraude. Dat barde tusken 2012 en 2014.
De man hat foar goed 100.000 euro fraudearre. De man ferfalske ek leasekontrakten en foar de oankeap fan in pleats yn Droegeham ferfalske er leanstripen.