SC Hearrenfean hellet mei Deen Skovgaard nije ferdigener

29 jan 2019 - 09:22

De Deen Andreas Skovgaard wurdt tiisdei presintearre as nijste oanwinst fan SC Hearrenfean. De 21-jierrige ferdigener komt oer fan FC Nordsjælland út syn heitelân en tekenet yn it Abe Lenstra Stadion in kontrakt foar 3,5 jier.

SC Hearrenfean hellet mei Deen Skovgaard nije ferdigener

Skovgaard kaam foar syn oergong nei SC Hearrenfean allinnich út foar FC Nordsjælland. Yn fjouwer seizoenen spile de ferdigener 67 kompetysjewedstriden.

Gerry Hamstra, Andreas Skovgaard en Luuc Eisenga - Foto: Martin de Jong

Technysk manager Gerry Hamstra lit op de webside fan SC Hearrenfean witte bliid te wêzen mei de komst fan Skovgaard. "We volgen Andreas al een langere tijd. Het is een linksbenige verdediger die zowel centraal achterin als op de vleugel uit de voeten kan. We zijn dan ook blij dat hij voor ons gekozen heeft."

(Advertinsje)
(Advertinsje)