Kollum: "Komplotleauwigen"

29 jan 2019 - 07:36

"Foarige wike is in komplotteory de wrâld út holpen. En net samar ien, want it wie dy oer de plakferfanger fan Adolf Hitler, Rudolf Hess. Dy siet nei syn libbenslange feroardieling yn de Spandaufinzenis yn Berlyn, oant er him yn 1987 yn syn sel ophong. Dy teory woe ha dat it net Hess sels wie dy't fêst siet, mar in dûbeldgonger."

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Toan fan Willem Schoorstra

"No, nei santich jier, is der dúdlikheid. Yn 1982 wie der in bloedstaal by Rudolf Hess ôfnommen om bestudearre te wurden yn it ramt fan in oar ûndersyk. Om't it lichem fan Hess yn 2011 opgroeven en kremearre waard, om foar te kommen dat syn grêf in beafeartsplak foar neo-nazy's wurde soe, waarden de neibesteanden fan Hess opspoard. Dat joech de ûndersikers de kâns om ien fan harren derfan te oertsjûgjen om genetysk materiaal ôf te stean. It bloedstaal fan Hess kaam oerien mei dat fan it famyljelid.

Komplotteoryen binne fan alle tiden. Sa binne der guon, dy't leauwe dat de terroristyske oanslach op de Boston Marathon yn 2013, yn werklikheid foar in green screen mei special effects regissearre is. Yn 2018 waard de 'Flat Earth'-konferinsje yn Nederlân drok besocht, troch minsken dy't miene dat de ierde plat is. Standert ha wy de 'moard op JFK is net wat it liket'-leauwigen, de lâning op de moanne dy't yn 't echt yn in studio filme waard, it komplot fan 9/11 en it hâlden fan in pedofilenetwurk yn de kelder fan in pizzarestaurant troch Hillary Clinton.

It gefaar fan komplottinken is dat it it politike systeem út it ferbân skuorre kin. Tink bygelyks oan it nep-dokumint 'Protocollen van de wijzen van Sion', dêr't Hitler syn antysemityske ideology op basearre. De genoside yn Rwanda yn 1994 begûn, doe't it geroft gie dat it fleantúch fan de Hutu-presidint delsketten wie troch Tutsi-rebellen. Dat wie net sa, mar it hie wol mear as in miljoen deaden ta gefolch.

It maatskiplik effekt fan komplotteoryen moat net ûnderskat wurde. Tagelyk is in krityske hâlding net ferkeard. As foarbyld kin it wurk fan Joris Luyendijk tsjinje. Dy gie op 'e syk nei geroften oer de bankewrâld fan London City. Dy't dus wier blieken te wêzen. Krekt sa't in krityske hâlding foar de farmaseutyske- en tabaksyndustry oer ek terjochte bliek.

Dochs is der ferskil tusken in komplottinker en in skeptikus. In skeptikus leit de bewiislêst fan syn hypoteze by himsels. In komplottinker leit de bewiislêst by oaren. Ik bedoel: bewiis mar ris dat der gjin aliens op ierde omrûn ha. Boppedat dogge komplottinkers feiten dy't harren net oanstean ôf as nepnijs of as ûnderdiel fan it komplot. In skeptikus sil altyd ree wêze om tsjinbewiis te akseptearjen. Komplottinkers wurde dreaun troch eangst en wantrouwen, libje folslein yn harren eigen bubbel en foarmje mei harren idioate teoryen in gefaar foar de gearhing yn in maatskippij.

Dat, ik bin bliid mei it nijs oer Hess. Ik hoopje dan ek dat foaral krityske en skeptyske minsken de romte krije. Want sokken hat de maatskippij ferlet fan. Dy moatte serieus nommen wurde."

(advertinsje)