KNMI jout koade giel ôf fanwege glêdens yn hiele lân

29 jan 2019 - 06:03

Helptsjinsten warskôgje dat it yn Fryslân glêd wêze kin omdat wiete stikken dyk yn de nacht fan moandei op tiisdei beferzen binne. Der is fanwege glêdens en izel yn it hiele lân koade giel ôfjûn.

It kin glêd wêze op de Fryske diken - Foto: ANP

It KNMI ropt bestjoerders op harren rydgedrach oan te passen. De warskôging jildt oant en mei 11.00 oere. Yn de rin fan de moarn sil de glêdens ferdwine.

Neffens de brânwacht yn Fryslân hat der tiisdeitemoarn betiid op de Lollumerwei yn Tsjom al in ûngelok west troch de glêdens. Earder al bedarre moandeitejûn in auto hast yn de sleat lâns de Hegedyk op De Gordyk. De automobilist kaam mei de skrik frij.

Trefwurden: 
koade giel KNMI glêdens izel
(Advertinsje)
(Advertinsje)