F-16 rekket flink skansearre by sjitoefening op De Vliehors

28 jan 2019 - 23:19

In F-16 fan de Ljouwerter fleanbasis is behoarlik skansearre rekke by in sjitoefening op it oefenterrein De Vliehors op Flylân. Dat meldt de Inspectie Veiligheid Defensie. Dy docht ûndersyk nei it ynsidint.

De Vliehors - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

It is net dúdlik wat der krekt misgien is. De NOS hat besocht om mei de ynspeksjetsjinst yn kontakt te kommen, mar dêr wie net ien beskikber foar kommentaar. It ynsidint barde foarige wike al.

De IVD is foarich jier oprjochte yn reaksje op krityske rapporten fan de Onderzoeksraad voor Veiligheid.

(Advertinsje)
(Advertinsje)