Ynspraakjûn oer profyl nije boargemaster Ljouwert lûkt net in soad folk

28 jan 2019 - 22:58

De ynspraakjûn fan de gemeente Ljouwert oer de profylskets fan de nije boargemaster luts moandeitejûn mar sa'n fyftjin boargers nei de Kânselarij. De jûn luts sadwaande folle mear riedsleden, amtners en sjoernalisten as boargers. Mar de minsken dy't der wiene kamen wol mei ideeën.

Mear lege as folle diskusjetafels op de ynspraakjûn oer de profylskets fan de boargemaster - Foto: Omrop Fryslân

Ferslachjouwer Onno Falkena wie oanwêzich op de ynspraakjûn en peilde de reaksjes

Bygelyks ideeën as: de nije boargemaster moat autentyk wêze, lef hawwe, de problemen mei de earmoede yn Ljouwert oanpakke en foaral ek tiid frijmeitsje foar kontakten mei 'gewoane ynwenners'.

De nije man of frou moat ree wêze om Frysk te learen, fûnen de boargers, mar hoecht it net fuortendaliks prate te kinnen. Goed Ingelsk fûnen ferskate oanwêzigen op syn minst like belangryk as it Frysk. "Bij voorkeur beter dan Crone", heakke jongste oanwêzige Vera (18) der oan ta.

"In bytsje jammer"

"In bytsje jammer", neamde foarsitter Eline de Koning fan de betrouwenskommisje de beskieden opkomst fan boargers op de ynspraakjûn oer de profylskets.

FNP-fraksjefoarsitter Jan-Willem Tuininga fûn de opkomst teloarstellend. "Alle pleatslike belangen wiene útnûge. En dan sjogge je net ien út de 35 bûtendoarpen. Ik fyn it echt teloarstellend."

Kontakt sykje mei jongeren

Mar de diskusje oer de profylskets wie likegoed tige libben. De nije boargemaster moat net benaud wêze, fûnen de oanwêzige boargers en ek kontakt sykje mei jongeren, want sy binne úteinlik de takomst fan de gemeente.

Omtinken foar wetter en wettertechnology wurdt ek hiel wichtich fûn. De nije man of frou moat fierder ek transparant wêze oer wat hy of sy foar de gemeente beskrept yn Den Haag en Brussel. In 'Blauw bloed'-êftich programma op Omrop Fryslân TV soe mear ynsjoch jaan kinne oer wat in boargemaster by de ein hat, stelde in dame foar.

De ynspraakjûn luts mear riedsleden, amtners en sjoernalisten as 'gewoane' boargers - Foto: Omrop Fryslân

Eline de Koning wie al mei al net ûntefreden oer de ynhâldlike kwaliteit fan de jûn. "Het is goed mogelijk dat we de profielschets op onderdelen zullen aanscherpen naar aanleiding van wat er vanavond is besproken."

It is it doel dat de fakatuere foar de boargemaster fan Ljouwert op 8 febrewaris iepensteld wurdt. Yn de konsept-profylskets fan de betrouwenskommisje steane oant no ta de tema's boargerheit/boargermem, feiligens, opkomme foar stêd en doarpen en taal/meartaligens sintraal.

Riedslid Jan Willem Tuininga oer de opkomst

Ynsprekkers oer har winsken foar de nije boargemaster

(Advertinsje)
(Advertinsje)