Bysûnder gearkomme op duorsum skip 'De Vooruitgang'

28 jan 2019 - 22:15

Yn 1898 waard it skip 'De Gebroeders' yn Amsterdam boud as saneamde Katwijker. Dat is in beurtskip fan goed 21 meter mei in petroaljemotor. It ferfierde yn de foarige iuw benammen lynoalje en tsiis foar de firma Wessanen. Op dit stuit kriget it histoaryske skip yn Harns in metamorfoaze ta meast ynnovative en duorsume gearkomstelokaasje fan it lân.

Foto: eigen foto

Jorrit en Susan Janssen Jouwsma oer harren duorsume skip

Under de nije namme 'De Vooruitgang' wolle Jorrit en Susan Janssen Jouwsma it skip ferhiere as duorsume lokaasje foar gearkomsten. Duorsumheid is in tema dat trochfierd wurdt oant yn de lytste details. Njonken de elektryske oandriuwing mei enerzjy fan sinnepanielen, wurdt ek de betimmering mei duorsum hout dien en is keazen foar duorsume farve.

"Je kunt opstappen waar je wilt, zolang het maar binnen Noord-Nederland blijft. Anders gaat de missie van ons verhaal verloren", fertelt Susan Janssen Jouwsma. "We zijn duurzaam omdat we geen dieselmotor gebruiken. We varen elektrisch, met behulp van zonnepanelen op het dek."

Foto: eigen foto

Foar de catering oan board sil duorsumheid boppedat bepalend wêze foar de kar foar kofje, tee en iten, mar ek foar it linnen en it glês- en diggelguod. Doel is om it skip yn juny yn Akkrum te presintearjen.

Trefwurden: 
skip duorsum De Vooruitgang
(Advertinsje)
(Advertinsje)