SC Cambuur jout oerwinning út hannen tsjin tsiental Go Ahead Eagles

28 jan 2019 - 22:00

SC Cambuur hat moandeitejûn yn eigen hûs lykspile tsjin Go Ahead Eagles. Yn de lêste minút fan de wedstriid joegen de Ljouwerters de oerwinning út hannen (1-1).

SC Cambuur jout oerwinning út hannen tsjin tsiental Go Ahead Eagles

Oan de wedstriid gie in minút stilte foarôf fanwege it ferstjerren fan âld-Cambuurtrainer Jurrie Koolhof. It duel mei Go Ahead Eagles hie eins freed al spile wurde moatten, mar dat gie fanwegen it winterske waar net troch.

Cambuur begûn goed. De iepeningstreffer hong al gau yn de loft. Nei tweintich minuten like Cambuur op foarsprong te kommen doe't Tyrone Conraad in hurd skot fan Kevin Jansen achter doelman Hobie Verhulst wist te krijen, mar dat feest gie net troch fanwege bûtenspul.

Tsien minuten letter naam Cambuur dochs de lieding. In drûge skower fan Kevin van Kippersluis bedarre fan tweintich meter ôf yn de fiere hoeke (1-0). Verhulst wie kânsleas (1-0).

Tsjin tsien man

Cambuur hie de wedstriid ûnder kontrôle. Dat hie makliker wurde moatten neidat Go Ahead Eagles in healoere foar tiid mei tsien man fierder moast. Ald-Cambuurspiler Gino Bosz krige syn twadde giele kaart nei in oertrêding op Van Kippersluis.

Dochs koe Cambuur fan it numerike oerwicht net profitearje. De foarsprong waard sels út hannen jûn. Yn de lêste minút kaam Go Ahead Eagles op likense hichte troch in goal fan Roland Baas (1-1), wêrnei't beide ploegen ien punt oan de wedstriid oerholden.

It is yntusken moannen lyn dat Cambuur yn eigen stadion wûn hat. De lêste kear dat dat barde, wie begjin novimber, tsjin Jong Ajax.

(Advertinsje)
(Advertinsje)