Henk Deinum: "Ik wol Jannewietske net foar de fuotten rinne"

28 jan 2019 - 21:51

Henk Deinum hie om himsels net opstappe wold as wethâlder fan Ljouwert. Doe't syn partner Jannewietske de Vries boargemaster fan buorgemeente Súdwest-Fryslân waard, trune kommissaris fan de kening Arno Brok der by Deinum op oan dat er opstapte. Deinum fûn dat wol wat in oantaasting fan syn yntegriteit, mar joech de foarrang oan de karriêre fan syn frou.

Polytburo Henk Deinum 28 01 2019

Henk Deinum wie tsien jier wethâlder yn Ljouwert. Sels hie er net tocht dat er it sa lang folhâlde soe. "Foar in ûngeduldich minske as my is dat lestich, want as wethâlder moatte je in soad geduld hawwe. It wurket allegear wat trager yn de polityk", fertelt Deinum. Uteinlik is it foar him dochs de moaiste baan dy't hy ea hân hat. "Dat hat te krijen mei wat we berikt hawwe, mar ek mei de minsken mei wa'tst gearwurkest", leit er út.

Taaie dossiers

Deinum hie in pear taaie dossiers, de nijbou fan it Cambuurstadion wie miskien wol it dreechste. Ferline wike gie de ried fan Ljouwert lang om let akkoart mei de plannen, op Deinums lêste dei as wethâlder. "Dat wie in dreamsenario. Sokke dingen kinne ek oars ôfrinne. Minsken heuge harren faaks it lêste watst dien hast."

De Friese Poort woe út it projekt stappe, omdat der gedoch wie rûnom de ôfspraken oer tydlike húsfesting. Deinum en syn kollega Friso Douwstra seinen dat se neat fan dy ôfspraken ôf wisten. "Net alles wurdt fêstlein yn soksoarte projekten. Mar wy giene derfan út dat we goede ôfspraken makke hiene. Uteinlik is it slagge, mar it hat in pear kear op springen stien."

"It wie in lestich dossier, mar it wie hiel moai om te dwaan. Us gearwurking mei de organisaasje fan Cambuur ferrûn goed." Der hawwe mominten west dat Deinum tocht dat it net goedkaam, dat hy syn hert fêsthold. Mar hy hat altyd betrouwen holden yn in goede ôfrin.

Ungeduldich

Dochs fernuveret it minsken dat just in ûngeduldich man as Henk Deinum derfoar soargje moat dat de partijen wer byinoar komme soene. "Dat hawwe in hoop minsken tsjin my sein. It barde meastentiids dat ik mear pit sjen liet, mar yn dit gefal moasten we bemiddelje."

De âld-wethâlder ferwachtet dat de provinsje noch gau mei de lêste fiif miljoen oer de brêge komme sil, yn alle gefallen foar de provinsjale ferkiezingen fan maart. "Wy hawwe altyd goede petearen mei de provinsje hân. Ik tink dat we alle fragen dy't dêr libben, goed beantwurdzje koene."

Henk Deinum - Foto: Gemeente Leeuwarden

Der kaam noch wolris wat krityk op Deinum syn wize fan kommunisearjen en ynformearjen fan de ried. Ek as it gie om de Blokhúspoarte. "Dêr werken ik mysels net yn. It ferhaal fan in jier lyn, doe't de eigener fan de Blokhúspoarte de kosten net yn 'e hân hie, is freeslik opblaasd troch in oantal partijen yn de ried en de parse. Efterôf hie ik earder ynformearje moatten, mar wy woene witte wat der krekt oan de hân wie."

It ferhaal dat it pas nei de ried brocht waard, neidat it op telefyzje west hie, is neffens Deinum net wier. Dat hiene se al pland. "Efterôf hie ik de ried miskien direkt ynformearje moatten: BOEi hat in probleem en wy witte noch net hoe grut it probleem is. Dan hie der neat oan de hân west."

Belangeferfrisseling

Kommissaris fan de Kening Arno Brok hie tsjin Deinum falle litten dat hy miskien mar opstappe moast as syn frou Jannewietske de Vries boargemaster fan Súdwest-Fryslân waard. Deinum fielde dat wol wat as in oantaasting fan syn yntegriteit. "Ik wie al wethâlder doe't sy deputearre wie. Dêr hawwe wy eins nea kommentaar op hân. Dat wie in oare tiid. Mar ik ha sein: ik wol Jannewietske net foar de fuotten rinne."

"Ik ha tsien prachtige jierren hân yn in perioade wêryn't Ljouwert in metamorfoaze trochmakke hat. We hiene Kulturele Haadstêd hân, myn lestichste dossier is ta in goed ein brocht, ek de Blokhúspoarte is goed ôfsletten. Ik ha in geweldige opfolger. Dy skopt it noch fier."

Raerd

Hy ferruilet no syn wenplak Ljouwert yn foar it doarpke Raerd yn Súdwest-Fryslân. Alhoewol't er rjocht hat op wachtjild wol er de kommende tiid noch oan de slach. Hy tinkt dan oan tydlike advysklussen yn de bousektor.

Trefwurden: 
It Polytburo Henk Deinum
(Advertinsje)
(Advertinsje)