Jong Hearrenfean set it jier goed útein mei winst op Eindhoven

De beloften fan SC Hearrenfean hawwe de kompetysje ferfette mei in oerwinning op Jong Eindhoven. Yn it stadion fan FC Eindhoven waard it 0-4. It wie foar de Friezen de earste wedstriid yn de ferliezerspûl. Se steane no boppe-oan op basis fan doelsaldo.
Argyffoto Jizz Hornkamp © www.orange-pictures.nl
De doelpunten kamen yn de earste helte fan Jizz Hornkamp, Emil Frederiksen en Jan Ras. Yn de twadde helte slagge Jesse Oliekan deryn om te skoaren.