Ien deadlik slachtoffer by ûngelok op Ofslútdyk
By in ûngelok op de Ofslútdyk is ien persoan om it libben kaam. Dat meldt de plysje. In twadde slachtoffer is nei it sikehûs brocht.
Neffens de ANWB leit de dyk besiedde mei brokstikken fan de auto's dy't by it ûngelok belutsen wienen. It bergen fan de auto's, it opromjen fan de dyk, en it ûndersyk fan de plysje duorret nei alle gedachten oant middernacht. Oant dy tiid is de dyk ôfsletten yn de rjochting fan Fryslân. Ferkear moat omride oer Lelystêd.