Vaclav Cerny net nei SC Hearrenfean

28 jan 2019 - 21:06

Vaclav Cerny giet net nei sportklup Hearrenfean. Dat befêstiget technysk manager Gerry Hamstra. Neffens Hamstra hat Hearrenfean allinnich kontakt hân mei de saakwaarnimmer fan Cerny en hat Ajax oanjûn dat Cerny net nei Hearrenfean giet. Dêrmei giet de syktocht nei in fleugeloanfaller fierder.

Foto: Orange Pictures

SC Hearrenfean is noch yn petear mei Andreas Skovgaard. De linker-sintrale ferdigener is transferfrij en komt eventueel oer fan FC Nordsjaelland út Denemarken. Hearrenfean en Skovgaard moatte it noch iens wurde. De komst fan de Ingelske ferdigener Reece Oxford fan West Ham United is ek noch in opsje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)