UPDATE: Ofslútdyk is wer iepen nei deadlik ûngelok

De Ofslútdyk hat moandeitejûn rjochting Fryslân oerenlang ticht west fanwege in deadlik ûngelok op de autodyk. De dyk tusken Den Oever en Breesândyk gie om middernacht hinne wer iepen.
© Inter Visual Studio
By it ûngelok op de A7 is ien persoan om it libben kaam. In twadde slachtoffer is nei it sikehûs brocht.
Rykswettersteat melde dat de fangrail slim skansearre rekke wie. Dy moast repareard wurde. Dêrtroch en fanwegen ûndersyk nei it ûngelok koene minsken oerenlang net fia de Ofslútdyk yn Fryslân komme.