Beitske Visser fan Twellingea makket kâns op startplak yn nije frouljusklasse

28 jan 2019 - 19:50

Autokoereur Beitske Visser (23) fan Twellingea makket kâns op in startplak yn de Formule W. Dat is in nije raceklasse dêr't allinne froulju oan meidogge. Visser is út de skroeven.

Der binne yn totaal 18 startbewizen, en twa reserveplakken. Visser heart by de lêste 28 froulju dy't dêr noch kâns op meitsje. Fjouwer dêrfan komme út Nederlân. Njonken Visser binne dat Stéphane Cox, Milou Mets en Shirley van der Lof.

"JA!! Ik bin troch nei it folgjende part fan de W-Series. Ik sjoch út nei de folgjende kear yn Spanje yn de F3", skriuwt se yn it Ingelsk op twitter.

Ein maart stride de 28 kânshawwers yn Spanje yn auto's fan de Formule 3. Dan wurdt bepaald wa't de lêste 20 koereurs binne.

De earste race stiet fan 3 oant 5 maaie op it programma, op it sirkwy fan Hockenheim yn Dútslân. Fan 19 oant 21 juli is de Formule W yn Nederlân, op it sirkwy fan Assen.

"Froulju kinne poerbêst ride"

Der wiene 54 koereurs dy't kâns makken op in plak by de lêste 28. Dit wykein striden se tsjin mekoar op in racebaan yn Eastenryk. Neffens in sjuery, mei ûnder oare âld-koereur David Coulthard, wie it nivo fan de froulju heger as ferwachte.

Neffens de organisaasje fan de W-Series kinne froulju likegoed autorace as manlju, as se mar deselde kânsen krije. Dêr wol de organisaasje by helpe.

It is de bedoeling dat froulju op termyn de konkurrinsje oankinne mei manlike Formule 1-koereurs. Yn de Formule W bouwe froulju ûnderfining op yn gelyksoartige auto's en op gelyksoartige sirkwys.

Formule W as opstap nei Formule 1

De Formule 1 is it heechste dat der te heljen is foar in koereur. Der is gjin regel dy't froulju ferbiedt om der oan mei te dwaan. Dochs is it mear as 40 jier lyn dat in frou dat foar it lêst die. As der neat feroaret, seit de organisaasje fan de Formule W, kin it ek noch wol 40 jier duorje foardat in frou it wer docht.

Neffens ûnder oare David Coulthart binne der gjin fysyke, psygologyske of hormonale tûkelteammen dy't derfoar soargje dat froulju de Formule 1 net oan kinne, mar de organisaasje fan de Formule W seit wol dat it foar froulju ekstra dreech is om de Formule 1 te berikken. Dat komt omdat der gjin froulike rolmodellen binne.

Boppedat kostet it miljoenen om as jonge koereur sa goed te wurden, dat je yn oanmerking komme foar in plak yn de Formule 1. Sûnder rolmodellen soe it foar froulju ek lestiger wêze om dat jild by mekoar te krijen.

Se hoege net te beteljen om mei te dwaan oan de Formule W. Se wurde selektearre omdat se goed ride kinne, net omdat se rike âlders of sponsoaren ha. Troch de bêste froulju by mekoar te setten, hopet de Formule W in platfoarm kreëarje dat foar sponsoaren ynteressant is. Alle froulju ride yn identike auto's, sadat de bêste koereurs de measte kâns meitsje, en net de koereurs mei de bêste auto's.

In froulike kampioen yn de Formule 1?

De organisaasje fan de Formule W ferwachtet dat de bêste froulju op termyn op itselde nivo ride kinne as de measte manlike koereurs. En, mei oefenjen en ûnderfining, soe der, op termyn, ek wol in froulike kampioen komme kinne yn de Formule 1. Oft it oait barre sil, dat is net dúdlik. Mar as it safier is, dan soe se, neffens de organisaasje fan de Formule W, fuort en daliks de grutste sportstjer fan de wrâld wêze.

Beitske Visser - Foto: BMW Motorsport
Trefwurden: 
Beitske Visser Formule W
(advertinsje)
(advertinsje)