Sportoersjoch: NK reedriden, SC Hearrenfean en LDODK

28 jan 2019 - 19:45

Alle moandeis sjogge we yn Fryslân Hjoed werom op de Fryske sportprestaasjes fan it ôfrûne wykein. Sportferslachjouwer Roelof de Vries skoot oan.

Sportoersjoch 28-01-2019

Reedriden

Foar it earst yn syn karriêre is Douwe de Vries Nederlânsk kampioen allround wurden. Hy moast dêrfoar op de 10 kilometer in efterstân fan 6.24 sekonden goedmeitsje op syn grutste konkurrint Marcel Bosker en dat slagge. De Vries die dat ek nochris yn in persoanlik rekôr: 12.55.10.

Letitia de Jong hat goeie saken dien op it NK Sprint yn Thialf. De Jong wûn har rit op de 500 meter fan Jutta Leerdam yn in tiid fan 37.79. Se die dat yn in persoanlik rekôr. Op de 1000 meter waard se twadde efter Jutta Leerdam.

Carla Ketellapper-Zielman fan Rottum hat op de Weissensee it iepen NK maraton op natueriis wûn. Yn de sprint fan in kopgroep fan tolve wie se krekt rapper as Iris van der Stelt en Kelly Schouten. De no 34-jierrige Ketellapper-Zielman wie der twa jier lyn ophâlden, mar is it spultsje dus net ferleard.

Fuotbal

SC Hearrenfean spile tongersdei in kânsleaze bekerwedstriid tsjin Ajax. Mar op it ein waard it dochs noch even spannend. "Dit zijn van die hele rare wedstrijden."

Harkemase Boys hat sneontemiddei in knappe oerwinning behelle. Yn Noordwijk waard tsjin SJC mei 3-2 wûn. Dat wie knap, want nei in heal oere spyljen stiene de Boys noch op in 0-2 efterstân. Troch de oerwinning stiet Harkemase Boys no sechsde, mei 32 punten út 16 wedstriden.

Kuorbal

De kuorballers fan LDODK wûnen de noardlike derby tsjin DOS'46. Yn Nijeveen waard it 20-18 foar de Gordyksters. Dêrmei naam LDODK revâns foar de nederlaach yn de thúswedstriid. De Gordyksters binne nei it tredde plak klommen yn de Kuorbal League.

Wedstriid fan de Wike

De 'Wedstriid fan de Wike' is de wedstriid yn de fiifde klasse fan it sneinsfuotbal tusken Donkerbroek en Sport Vereent út Aldeberkeap.

(Advertinsje)
(Advertinsje)