Hoe sit it no eins krekt mei de F-35?

28 jan 2019 - 19:06

De loftmacht kriget dizze wike offisjeel de F-35 (JSF) oerlange. Mei in seremoanje yn it fabryk fan fleantúchbouwer Lockheed Martin yn Fort Worth, Texas, wurdt it tastel oerdroegen oan Nederlân. Mar hoe sit it eins krekt mei dat nije tastel? Wêr tsjinnet it ta en wat is it ferskil mei de F-16?

De F-35 dy't yn Texas oerlange wurdt, is net de earste F-35 foar de loftmacht. Der binne oant no ta al fiif fan dizze tastellen levere. Mei twa F-35's wurdt op dit stuit al aktyf flein yn it testprogramma fan it tastel. Foar de regearing is it oerlangjen in heuchlik momint. Dat momint markearret nammentlik de oergong fan de F-16, in fjirde generaasje tastel, nei de F-35, fyfde generaasje tastel.

Yn Italië stiet ek in fabryk dêr't soksoarte fleantugen boud wurde. Dat fabryk is wichtich foar Nederlân, want dêr wurde de measte Nederlânske F-35's makke. De earste F-35 dy't yn de hjerst yn Nederlân oankomt, komt ek út dat fabryk.

Wat smyt de F-35 op foar it Noarden?

Banen! Benammen op de fleanbasis fan Ljouwert. Dêr wurdt no boud oan folslein nije ynfrastruktuer. Dan giet it bygelyks om in hangaar en in squadron-gebou. Alles moat op in oare wize ynrjochte en boud wurde. Want it giet om ynformaasje en dy ynformaasje moat dêr feilich wêze.

De F-35 - Foto: Omrop Fryslân

Ien fan de grutte soargen by de F-35 is de lûdsoerlêst. Nei oerlis mei de doarpsbelangen en de omwenners fan de fleanbasis is der in lûdsmjitnet oanlein. Op ferskate plakken yn de doarpen om de fleanbasis hinne, stean lûdsmjitpunten, dy't yn de gaten hâlde hoefolle lûd oft produsearre wurdt.

No hat yn it ferline wol in test west dêr't út bliken die dat der eins net sa'n soad ferskil is tusken in F-16 en in F-35. Definsje tinkt sels ek dat it wol tafalle sil. Want mei de F-35 sil minder flein wurde as mei de F-16.

Simulator

In soad misjes sille flein wurde mei in simulator. In grut part fan de misjes dy't Definsje útfiere wol, moat geheim bliuwe. Foar de Nederlânske kust lizze faaks bûtenlânske spionaazjeskippen, dy't geheime ynformaasje sammelje wolle.

MQ-9 Reaper - Foto: Hayo Bootsma

Wat foar de fleanbasis Ljouwert ek wichtich is, is de MQ-9 Reaper. Dat is in saneamd 'unmanned aerial vehicle', oftewol in soarte fan drone. De piloaten foar dat tastel binne noch yn oplieding en komme as it goed is dit jier noch nei de fleanbasis yn Ljouwert.

Op de fleanbasis komt foar dy MQ-9 Reaper in bestjoeringsunit te stean. Fan dêr út kinne se dat tastel oer de hiele wrâld fleane litte. Mei de F-35 en de MQ-9 Reaper rist Definsje har ta op de takomst. In takomst mei miskien oarlochsfiering yn it cybergebiet.

(advertinsje)
(advertinsje)