Twa auto's klappe opinoar yn Akkrum

28 jan 2019 - 18:12

De helptsjinsten binne moandeitemiddei om 17.30 oere hinne alarmearre foar in ûngelok by Akkrum. Twa auto's kamen, op de krusing fan de Nije Boarnsterdyk mei De Stringen, mei-inoar yn botsing.

Foto: Srfotografie

De oarsaak fan it ûngelok soe in foarrangsflater wêze. Der wiene twa ambulânses oanwêzich om de bestjoerders te ûndersykjen. Hoefolle minsken der krekt ferwûne rekke binne, is net bekend.

(advertinsje)