LTO Noord: "Hiel Fryslân biologysk is net realistysk"

28 jan 2019 - 17:43

De provinsjale ferkiezingstiid is oanbrutsen en der wurdt fan alles roppen. Sa wol de FNP bot ynsette op biologysk buorkjen. Op termyn moatte alle boeren yn Fryslân biologysk wêze, sa wol de partij. Mar wat fine de boeren hjir sels fan?

Snútslach

Peet Sterkenburgh fan LTO Noord fynt it net sa'n handich stribjen. "It fielt foar gongbere boeren as in snútslach, as oft se no net goed dwaande binne." Boppedat tinkt hy dat it net út kin. "As we massaal oerstappe op biologysk buorkjen, dan sakket de priis. Wylst biologysk buorkjen djoerder is. En dan ferfalt de mearwearde om oer te stappen."

De biologyske lânbou nimt de lêste jierren ta. Dochs is yn 2017 mar 3 prosint fan de totale lânbou biologysk, sa blykt út sifers fan it CBS. Ien fan dizze bedriuwen is Waddengeluk út Seisbierrum.

In goed ferhaal

Eigener Jurjen Bruinsma ferbout al tweinitch jier ûnder oaren ierappels, spruten en koalen op biologysk dynamyske wize. Neffens him is biologysk buorkjen dé takomst. Wol falt of stiet it mei oft de konsumint mear foar syn iten betelje wol, want biologysk iten is wol djoerder. "We moatte minsken folle mear meinimme yn it ferhaal derachter: de sûnens-, miljeu- en sosjale aspekten." Hy sjocht dat hjir út de maatskippij wei hieltyd mear ynteresse foar komt.

(advertinsje)