"Wat my it meast bybleaun is, is dat hy in hiele normale, nochtere Grunneger wie"

SC Cambuur spilet moandeitejûn, yn de wedstriid tsjin Go Ahead Eagles, mei roubannen om. Dat docht de ploech fanwege it ferstjerren fan âld-trainer Jurrie Koolhof. Foarôfgeand oan de wedstriid wurdt der ek in minút stilte hâlden. Koolhof wie tusken 2007 en 2009 de haadtrainer fan de Ljouwerters.
© Orange Pictures
Geert van Tuinen oer Jurrie Koolhof
"Hy wie in nochtere man, dy't by Cambuur op fantastyske wize begûn mei in bjusterbaarlike bekeroerwinning op AZ yn 2007. Dat is eins it earste dêr't ik oan tink", fertelt Geert van Tuinen.
Dy wedstriid wie syn hichtepunt by de klup, want dêrnei gie it op sportyf flak net geweldich. "Yn datselde seizoen gie it al mis. Ik kin my dy nijjiersresepsje noch heuge, dêr't Wim Sleijfer, de doetiidske foarsitter, sei: 'Dit kin net. Dit is Cambuur-ûnweardich en folslein ûnakseptabel", ferfolget Van Tuinen.
"Ald-direkteur Alex Pama sei: 'Zo'n jaar kunnen we ons niet weer veroorloven.' Cambuur einige dat jier as santjinde."

Lange steat fan tsjinst

Koolhof hie in lange steat fan tsjinst. Hy wie aktyf by ûnder oare Veendam, Vitesse, PSV, FC Groningen en De Graafschap. Cambuur wie syn lêste klup as trainer.
"Hy fleach der net út en mocht it seizoen 2008 ek begjinne. Nei seis wedstriden wie it lykwols dien. Doe ferlearen se mei 4-1 fan Helmond Sport. Doe hawwe sein dat er mar fuort moast", seit Van Tuinen. Dêrnei gie Koolhof nei FC Groningen as skout.
Jurrie Koolhof as trainer fan Cambuur yn 2008 © www.orange-pictures.nl
"Ik ha syn soan Dean noch fuotbaljen sjoen. Hy spilet by Helmond Sport. Syn oare soan Wesley is tennisser. In hiele sportive famylje dus. Wat my fan Jurrie Koolhof it meast bybleaun is, is dat hy in hiele normale, nochtere Grunneger wie."