'Wedstriid fan de wike': derby yn de 'kelderklasse'

28 jan 2019 - 17:20

In derby makket yn de sportwrâld altyd krekt wat mear los as in gewoane wedstriid. En as it dan ek noch ris in derby is yn de 'kelderklasse', it leechste nivo fan it amateurfuotbal, dan giet it der hielendal need oan ta. De 'Wedstriid fan de wike' by Omrop Fryslân is de wedstriid yn de fiifde klasse fan it sneinsfuotbal tusken Donkerbroek en Sport Vereent út Aldeberkeap.

Tusken Donkerbroek en Aldeberkeap sit mar fyftjin kilometer en dus meie je mei rjocht sprekke oer in derby. Mar, dat is net it iennige. "Donkerbroek stiet boppe-oan en hat al syn tsien wedstriden wûn", wit sportferslachjouwer Andor Faber. "By Sport Vereent leit it krekt wat oars. Dy steane ûnderoan mei mar ien puntsje. Se sille dus stunte wolle tsjin de koprinner. Alle yngrediïnten binne oanwêzich foar in moaie derby!" Omrop Fryslân is der snein dus by. In reportaazje is letter te besjen.

Foto: Omrop Fryslân

Yn de 'Wedstriid fan de wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike'. De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.

(advertinsje)
(advertinsje)