FNP-riedslid Soepboer bringt skiednisboek út oer de Gouden Iuw

28 jan 2019 - 16:56

It markante FNP-riedslid yn Noardeast-Fryslân Aant Jelle Soepboer is net allinnich politikus, mar ek dosint. Syn fak is skiednis en dêr besiket er jongeren entûsjast foar te krijen. Dat docht er net allinnich foar de klasse, mar ek mei in rige boeken ûnder it biedwurd 'Vet Oud'. Moandei ferskynt yn dy rige it diel oer de Gouden Iuw.

Foto: Aant Jelle Soepboer

Aant Jelle Soepboer oer syn boeken

"De opset fan it hiele boek wie om bern wer oan it lêzen te krijen en te ynteressearjen foar skiednis. Dat is wol wat we weromkrije. It makket it fak en de ferhalen wer libjend", fertelt Soepboer. "De betsjutting achter in ferhaal is folle wichtiger as jiertallen út de holle leare."

Identifisearje

Vet Oud hat in bern út de doelgroep as haadpersoan. Dus in bern dat ek in jier as fjirtjin is en dat wat meimakket yn dy tiid. Sa kinne bern harren dermei identifisearje.

De boeken binne net ûntwikkele as lesmetoade, mar kinne wol yn it ûnderwiis brûkt wurde. "De dosint kin in tema útkieze, dêr ferhalen by sykje en der in les omhinne bouwe."

Foto: Aant Jelle Soepboer

Neffens Soepboer is de Gouden Iuw just in ynteressante perioade. "Watst sjochst, is dat skiednis trochlibbet. It hâldt net op. We sjogge noch hieltyd de gefolgen derfan en kinne ús dermei identifisearje."

Kritysk tinke

"Grutskens op dyn lân is fansels goed, mar moatst der ek mei oppasse datst net in iensidich ferhaal fertelst. Wy hawwe fansels dingen dien dy't net troch de bûgel koene. Sokke dingen moatte bern ek witte en dan is it oan harren om te bepalen of it wat is om grutsk op te wêzen. Kritysk tinke fyn ik ien fan de wichtichste dingen dy't wy ús learlingen leare kinne."

Learlingen oer 'Vet Oud'

No is Soepboer tige Frysksinnich soe hy dêr ek wat mei dwaan yn syn boeken? "Ik besykje de ferhalen sa folle mooglik te belûken op Fryslân. Der is fansels de mooglikheid dat der in Vet Oud Fryslân ferskine sil. Dat is wol myn winsk", beslút Soepboer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)