Gary Hekman wint 2e Grand Prix wedstriid op Weissensee
Maratonrider Gary Hekman hat moandei de KPN Grand Prix 2 wûn op de Eastenrykse Weissensee. Hy liet dêrmei Evert Hoolwerf achter him. Hy waard twadde. It brûns wie foar syn broer Bart Hoolwerf. Crispijn Ariëns fan Wolvegea waard fiifde.
By de froulju kaam earder op de dei Carla Ketellapper-Zielman al as winner út de bus.