Studinten fan ROC Friese Poort meitsje tydskrift oer Dada

28 jan 2019 - 15:39

By de lokaasje fan ROC Friese Poort yn Drachten wurdt nije wike woansdei it tydskrift 'Dada in Stijl' presintearre. It is makke troch studinten en wurdt útjûn troch Museum Dr8888.

Foto: Museum Drachten

It doel is dúdlik te meitsjen wat de keunstbewegingen Dada en De Stijl tsjintwurdich noch te betsjutten hawwe. De leden fan De Stijl woene in radikale herfoarming fan de keunst. Dêrfoar brûkten se in minimum oan primêre kleuren, mei swart, wyt en griis.

It foarnaamste lid fan De Stijl, Theo van Doesburg kaam mei in kleure-ûntwerp foar 16 middenstânswenten oan de Torenstraat.

It tydskrift Dada in Stijl is fan 7 febrewaris ôf te krijen yn de winkel fan it museum.

(advertinsje)