Utstjoerburo begjint mei oplieding foar technysk personiel

In grut lanlik útstjoerburo begjint ynkoarten yn Fryslân en Drinte mei it sykjen fan kandidaten foar in technyske oplieding. Op dit stuit is der in grut tekoart oan bygelyks monteurs, operators, metaalbewurkers en skilders.
Laskje © Shutterstock.com
By it oanbieden fan de opliedingen wurdt gearwurke mei bygelyks de skildersfakskoalle en ROC Friese Poort. Dielnimmers oan de opliedingen krije in baangarânsje by in bedriuw yn de regio. It útstjoerburo hat al ynformaasjegearkomsten hâlden, foar kandidaten dy't op syk binne nei in wurk-leartrajekt yn de technyk.
Ferline jier binne 43 fan de 110 ynteressearren ek echt begûn mei in oplieding. De earste oplieding yn Fryslân begjint op 1 april, dy is foar minsken dy't operator wurde wolle.