Ald-Cambuurtrainer Jurrie Koolhof ferstoarn
Ald-international en âld-Cambuurtrainer Jurrie Koolhof is op 59-jierrige leeftiid ferstoarn. Hy wie al in skoftke siik. De spits kaam fiif kear út foar it Nederlânsk alvetal en spile ûnder oare foar Vitesse, FC Groningen en De Graafschap. Hy skoarde tusken 1978 en 1994 190 doelpunten yn it betelle fuotbal.
De Grinslanner sleat syn fuotbalkarriêre ôf by SC Veendam. Dêrnei waard er trainer fan ûnder oare Cambuur, dat wie tusken 2007 en 2009. Hy wie de ôfrûne tiid aktyf as haad-skouting by FC Groningen.
Roubannen
SC Cambuur spilet moandeitejûn tsjin Go Ahead Eagles mei roubannen om fanwege it ferstjerren fan Koolhof. En foarôfgeand oan de wedstriid is der in minút stilte.