Riedsfraksjes komme mei 'moasje fan treurnis' oer sporthal De Steense yn Wolvegea

De fraksjes fan Sociaal Duurzaam Weststellingwerf (SDW) en Blijf Stellingwarfs sille moandeitejûn by de gemeenteried fan Weststellingwerf in moasje fan treurnis yntsjinsje tsjin it kolleezje. Dy moasje hat it kolleezje neffens de beide riedsfraksjes te tankjen oan it feit dat der al in jier gjin kantinebehearder mear is yn sporthal De Steense yn Wolvegea.
© Google Streetview
Hoewol't by it kolleezje al earder bekend wie dat it kontrakt mei de behearder ophâlde soe, kaam it kolleezje pas yn desimber mei in programma fan easken. Finansjele gegevens ûntbrekke yn dat programma. Dat makket it neffens de beide fraksjes foar in ûndernimmer ûnmooglik om mei in plan te kommen.

"Gebrek aan daadkracht"

Der wurdt al folle langer praat oer it behear fan de sporthal. De sportklups dy't De Steense brûke, stjoerden yn septimber al in brânbrief nei de gemeente. Dochs sil it oant april duorje foar't der in nije behearder oan de slach kin. De fraksjes ferwite it kolleezje in "gebrek aan daadkracht" en wolle dat de ried him moandeitejûn útsprekt oer de moasje fan treurnis.