Fytsedief op 'e died betrape en naait út

28 jan 2019 - 13:00

De plysje yn Ljouwert siket de eigener fan in elektryske fyts dy't nei alle gedachten stellen is. Plysjes seagen moandeitemoarn tsjin healwei fiven op de Saturnuswei in man op de fyts riden. Doe't de man de plysjes seach, naaide hy rinnendewei út. Hy liet de fyts lizze.

De plysjes koene de fertochte net efterhelje, mar hawwe him wol herkend. De man stiet bekend as fytsedief. De plysje giet der dan ek fanút dat de fyts stellen is.

Trefwurden: 
Ljouwert stellerij fytsedief
(Advertinsje)
(Advertinsje)