Carla Ketellapper-Zielman wint ek 2e Grand Prix wedstriid op Weissensee

28 jan 2019 - 12:50

Maratonrydster Carla Ketellapper-Zielman hat moandei ek de twadde Grand Prix op de Weissensee wûn. Earder wûn de Rottumse sneon al de earste Grand Prix op it natueriis. Maya de Jong fan Haulerwyk waard tredde yn Eastenryk. It sulver wie foar Lisa van der Geest.

Yn de einsprint wie Zielman wat rapper as Van der Geest. Carla Ketellapper-Zielman hat der twa jier út west.

Maya de Jong begûn trije jier lyn mei maratonriden en rydt dit jier foar it earst mei yn de topdifyzje. Se sit yn Team Cenned.

(advertinsje)
(advertinsje)