Greenyard sit op 'e nij yn swier waar

28 jan 2019 - 12:41

Memmebedriuw Greenyard fan glêstúnboubedriuw Hartman yn Seisbierrum sit op 'e nij yn swier waar. It beursnotearde bedriuw kaam moandei mei in winstwarskôging. It ferlear nei de melding in fjirde part fan de beurswearde.

It bedriuw Hartman yn Seisbierrum - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

De resultaten fan it lêste kwartaal fan 2018 wienen neffens Greenyard folle leger as ferwachte. It bedriuw hat al in skoft lêst fan konkurrinsje út de buorlannen. In transformaasjeteam moat it bedriuw no wer op de rails krije.

(Advertinsje)
(Advertinsje)