Waadgongers moatte har hâlde oan 'Erecode voor Wadliefhebbers'

28 jan 2019 - 12:37

Mei in lytse oanpassing fan de Wet Natuurbescherming kinne de bisten op it Waad better beskerme wurde, seit de Waadferiening. Earder wie yn it nijs dat der gjin boetes mear útdield wurde yn it Waadgebiet foar it fersteuren fan de natuer. Net omdat dat natuer net mear fersteurd wurdt, mar omdat de wetjouwing dy romte net jout.

De Krukel. Ien fan de skippen fan de Waddenunit. Hjir by Skiermûntseach - Foto: Remco de Vries

Neffens de wet fan 2017 moatte je bewize kinne dat minsken mei opsetsin de natuer fersteure of de fersteuring moat foar skea soargje oan de hiele populaasje fan in soart. Fersteuring is bygelyks as minsken te ticht by in plaat komme dêr't seehûnen op rêste of dat se drûchfalle en in plaat opgeane dêr't fûgels fretten sykje. Dat is dreech te kontrolearjen.

"Het is een keuze geweest van Den Haag om de wet zo te maken. Dat iemand met opzet de natuur verstoort voordat je een boete krijgt. Dat is een grijs gebied, want weet iemand dat die bijvoorbeeld afstand moet houden? Het wad is een natuurgebied, dat is bekend. Mensen moeten zich houden aan de Erecode voor Wadliefhebbers, daarin staat wat je wel en niet moet doen", leit Esther Kuppen fan de Waadferiening út.

Mei de wet sjocht se wol in oplossing. "Maak van het wad een gebied met beperkte toegang, dan mag iedereen er wel in, maar dan moeten ze zich aan de erecode houden. Als ze dat niet doen, kun je ze beboeten."

Esther Kuppen fan de Waadferiening

(Advertinsje)
(Advertinsje)