Minister Wopke Hoekstra jout les oer jild op Harnzer basisskoalle

28 jan 2019 - 12:34

Hoe leare jo bern om tûk om te gean mei jild? Op basisskoalle IKC Het Baken yn Harns krije se dêr op dizze moandei les oer. En net fan samar in master of juf; spesjaal foar dizze les komt Wopke Hoekstra, minister fan Finânsjes op besite yn 'e klasse. Hoekstra sil de learlingen fan groep 6 fertelle hoe't it moat. Ek krije de bern útlis oer de miljoenenota. Want wat sit der no krekt yn dat kofferke?

Minister Wopke Hoekstra jout les oer jild op Harnzer basisskoalle

"Zo'n kans krijg je niet al te vaak", seit Liesbeth Buursma, dosinte fan groep 6 op basisskoalle IKC Het Baken yn Harns. De Harnzer basisskoalle waard sels frege om mei te dwaan oan de gastles fan de minister. De bern binne yntusken senuweftich. "We moesten wel even uitleggen wie de minister is en hoe hij eruit ziet, maar het begint nu te leven", laket Liesbeth.

De ferwachtings binne heech. Liesbeth: "We zullen het hebben over de miljoenennota, maar ook over de vraag is geld echt of nep. En ook de waarde van geld is onderwerp. Je ziet dat steeds meer kinderen betalen met de pinpas, dan heb je niet het gevoel dat je geld kwijt bent, omdat je het niet zelf in handen hebt.

Hoekstra lei yn de les út hoe't syn dagen derút sjogge, dat hy minister presidint Mark Rutte hast alle dagen sjocht en hoe't de bêrn de pinkoade fan harren pinpas ûnthâlde kinne. Neffens de minister wol hy mei syn gastlessen stipe jaan oan de kampanje om jong en âld better te learen hoe't se mei jild omgean moatte. Want der binne in pear hûndert tûzen minsken dy't dêr grutte muoite mei ha. Hoekstra jout yn alle provinsjes dizze gastles op in basisskoalle.

Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Gerrit de Boer seach by basisskoalle IKC Het Baken yn Harns

(Advertinsje)
(Advertinsje)