Sike seekoeten krije 'fiskbrij' yn De Fûgelhelling: "Se moatte oanfetsje"

By De Fûgelhelling yn Oerterp ha se it drok mei de oanspielde seekoeten. De ôfrûne wiken binne tsientallen deade of hast deade seekoeten oanspield op de Waadeilannen.
Sike seekoeten krije 'fiskbrij' yn De Fûgelhelling: "Se moatte oanfetsje"
"We ha noch net earder safolle seekoeten yn de opfang hân. Dizze fûgels komme fan Skylge", seit Raya Strikwerda, frijwilliger by De Fûgelhelling. "We ha no al twa wiken seis yn de bak sitten, en yn de oare bak sitte twa dy't we freed binnenkrigen ha."
It liket derop dat se it wol rêde. "Se kinne sels ite. Trije kear deis krije se in soarte fan fiskbrij. Hjerring yn de blender mei multyfitaminen dertroch, dat fine se hearlik. Se kinne sa lekker oanfetsje. En tuskentroch krije se ek noch fisk bepoeiere mei fitaminen." In sûne seekoet moat in kilo swier wêze.
Wêrom't de bisten siik binne, is in riedsel. "Se binne ferswakke wêrtroch kin ik net sizze. De deade fûgels stjoere we op foar ûndersyk."
© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
Raya Strikwerda, frijwilliger by De Fûgelhelling
© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra