2019 is útroppen as it jier fan de memmetalen

28 jan 2019 - 11:33

Mei it each op it ferdwinen fan hieltyd mear lytse talen hawwe de Feriene Naasjes 2019 útroppen ta The International Year of Indiginous Languages, it ynternasjonale jier fan de memmetalen (#IYIL2019).

Foto: Jacob van Essen, Hoge Noorden

De start fan de #IYIL2019 kampanje begjint dizze moandei yn Parys. It hiele jier troch sil omtinken frege wurde foar lytse talen.

De kampanje moat helpe by it promoatsjen en beskermjen fan bedrige memmetalen en sil bydrage oan it berikken fan de doelstellings fan de Feriene Naasjes.

Afûk

It ynternasjonale jier foar memmetalen is in gearwurking tusken mear as 30 organisaasjes fan oer de hiele wrâld, wêrûnder de Afûk yn Ljouwert. De Afûk is hjirfoar frege nei oanlieding fan de aktiviteiten op it mêd fan lytse talen binnen Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018.

Mei dizze gearwurking wurdt wrâldwiid omtinken frege foar lytse en bedrige memmetalen. Dêrneist wurdt kennis útwiksele oer taalpromoasje om by in ynternasjonaal publyk bewustwurding te kreëarjen foar it belang fan it behâld fan talen dy't ûnder druk steane.

(Advertinsje)
(Advertinsje)