Oanlis Sintrale As kin trochgean

09 nov 2011 - 10:27

De oanlis fan de nije dyk tusken Dokkum en Nyegea, de Sintrale As, kin trochgean. Dat hat de Ried fan Steat yn Den Haach woansdei útsprutsen. De heechste rjochter giet net mei yn de beswieren fan it Fryske Gea en in tal bewenners fan it gebiet.

Tsjin de útspraak is gjin berop mear mooglik. De steatsried fynt dat provinsjale steaten foldwaande oantoand hawwe dat de Sintrale As needsaaklik is foar de berikberens en de feiligens fan Noardeast-Fryslân. De kar foar in fjouwerbaans dyk is net ûnridlik, fynt de rjochter. Ek de beswieren fan it Fryske Gea en de ynwenners oer oantaasting fan it lânskip en fersteuring fan flearmûzen binne net terjochte.

(advertinsje)
(advertinsje)