De Tsjerke yn Terherne is populêrste troulokaasje yn Fryslân

28 jan 2019 - 11:06

De Tsjerke yn Terherne is de populêrste troulokaasje fan Fryslân, neffens de webside Toptrouwlocaties. De Tsjerke krige de measte oanfragen binnen de provinsje op it lanlike platfoarm fan Toptrouwlocaties. Twad wie de Pollepleats yn Westhim en tred Tjaarda yn Oranjewâld.

Foto: Rob Rotgers Fotografie

Yn 2018 trouden 46 pearkes by De Tsjerke. Se biede all-inclusive trouwerijen. Breidspearen komme oan yn in houliksboatsje en de seremoanje is yn it romantyske tsjerkje. Dan folget in high wine yn de tún en foar it diner en feest wurde gasten mei in pream nei hotel 't Schippershuis brocht.

Toptrouwlocaties is in oerkoepelende organisaasje foar ien fan de grutste trouplatfoarmen fan Nederlân, dêr't ien op de trije breidspearen de troulokaasje fynt.

Suzanne Kloosterman fan De Tsjerke yn Terherne

Tranentrekker

"Het is heel hard werken om het iedereen naar zijn zin te maken en dan is zo'n prijs wel een beloning, dat voelt goed", fertelt Suzanne Kloosterman, eigener fan De Tsjerke. Se is sels net hiel romantysk, mar "als het bruidspaar in het bootje aankomt, schiet ik soms ook weleens vol."

It moaie oan har wurk fynt se de tariedingen foar de grutte dei. "We voeren gesprekken met het paar. En dag zelf begint bij ons in het hotel waar de bruid gekapt en opgemaakt wordt. Dan worden er foto's gemaakt. Op het bootje varen ze naar De Tsjerke, waar de gasten in het prieel aan de zijkant staan te wachten. Dan start de muziek en die eerste ontmoeting tussen daggasten en het bruidspaar is vaak wel een tranentrekker."

Fan alle trouwerijen wie ien wol hiel bysûnder. "De bruid was Perzisch en ze wilde graag Perzische elementen erin. Toen ze uit het bootje stapte was er een ritueel met wierook. Het Perzische kwam de hele dag terug."

Se fynt dat se in moai fak hat. "Je hebt altijd te maken met blije mensen. Het is kicken om de hele aanloop van zo'n dag mee te maken en dat ze uiteindelijk tevreden zijn."

Trefwurden: 
Terherne trouwe De Tsjerke
(Advertinsje)
(Advertinsje)