Mosk op 'e nij meast telde fûgel by nasjonale fûgeltelling

28 jan 2019 - 11:01

Yn Fryslân binne de ôfrûne dagen hast 80.000 fûgels teld by de jierlikse nasjonale túnfûgeltelling fan de Fûgelbeskerming. De hûsmosk giet mei 17.000 tellingen fier oan kop, folge troch goed 9.000 blokmiezen en hast 7.000 finken. Dêrmei is der yn de top 3 neat feroare yn fergelyk mei ferline jier.

Mosk - Foto: Shutterstock.com

Oan de telling diene hast 3800 Friezen mei. Lanlik sjoen telden hast 76.000 minsken goed 1,2 miljoen fûgels. Ek lanlik sjoen giet de hûsmosk oan kop. Minsken kinne harren telling oant moandeitemiddei 12.00 oere trochjaan, mar de Fûgelbeskerming ferwachtet net dat der noch in soad feroarje sil.

(Advertinsje)
(Advertinsje)